bckanselier

It geheim fan ‘e Kânselier yn Balk

BALK – Tryater spilet jûn om 19.30 oere de reisfoarstelling It geheim fan ‘e Kânselier yn De Treemter yn Balk.

It geheim fan ‘e Kânselier is in famyljefoarstelling geskikt foar elkenien fan 8 jier en âlder. It geheim fan ‘e Kânselier is skreaun troch Peter Sijbenga yn gearwurking mei Bram de Goeij, dy’t de regy fan it stik ek dien hat. Spesjale gast is Piter Wilkens – as Bline Arend, de sjongende cowboy. Hy en Peter Sijbenga tekenje foar de muzyk. Spilers binne Jan Arendz, Arnold Dijkstra, Nynke Heech, Eelco Venema, Laila el Bazi en Raymond Muller.
De foarmjouwing is yn hannen fan Johan Klijn en Annemarie Klijn. Mei spanning, humor en oandwaning wurdt it publyk meiskuord yn in wrâld fan sjittinten, messegoaiers, meunsterhûnen, kokhalzjende skiep, ûntploffende kanonnen, hookstrooks opdûkende plysjemannen, en in mem en in soan… en in famke… en in heit (mar dy is der net). It begjint allegear sa rêstich. Keimpe en syn bêste maat Skiep wenje yn in alderaardichst doarpke. Dat doarpke leit yn in alderaardichst lân, dêr’t Kânselier Pondereus al jierrenlang alderaardichst regearret oer jong en âld en elkenien.
Teminsten, sa liket it… want Keimpe is syn heit kwyt. Mem seit dat er dea is mar dat wol Keimpe net leauwe. Hy beslút om syn heit te sykjen en bedarret yn in gefaarlik aventoer.
Hy komt yn ‘e kunde mei opstannich merkefolk; dêr hast bygelyks de libbene kanonskûgel en it famke. Bringe dizze nije freonen him tichter by syn heit, of just net? Miskien moat er better lústerje nei Bline Arend, de sjongende cowboy foar wa’t it ferline en de takomst gjin geheimen hat. Kaarten foar de foarstellingen yn de premjêrewike binne te krijen by Boekhannel de Jong of op www.nutgaasterlan-sleat.nl.

Artikel geplaatst door Cees Walinga op 17-02-12 09:13.

Gerelateerd nieuws

Actueel nieuws

Blijf overal op de hoogte Volg Balkster Courant via:
Advertentie
advertentie
Advertentie