Balk: Kaatsen 55-plussers

Geplaatst door redactie op 30/07, 09:54 uur.

BALK - De priiswinners mei de krâns yn de koets, flnr.:  Koop Scholten, Oeds Broersma, Jan van der Vlugt en Johannes Oudendag.

De 55-plussers hienen ôfrûne woansdei in bjusterbaarlik moaie keatsdei yn Balk, mei in list fan 106 manlju en 2 froulju(!) en in protte publyk. Sels de Mem fan Chris en Jacob Wassenaar wie mei har dochter en Beppesizzer oanwêzich, om har man oan te moedigjen. De temperatuer wie dizze dei tusken de 22 en 25 graden, licht bewolkt en net folle wyn (in bytsje broeisk).

De 50 jierrige keatsferiening Cannegieter (1960) hie it wer tige goed foar elkoar en op twa fjilden 9 perken lein, sadat om 10.00 oere de earste 54 keatsers los koenen.

Foardat Piet Bosgraaf om 17.15 oere de prachtiche horloges útrikte oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen, binne de 55+ Kommisje en alle frijwillgers troch “Cannegieter” bedoarn mei in bosk blommen. Ek krige de 55+ kommisje noch in bedrag oanbean en dit alles, tank sij harren wichtige sponsors.

Omdat it hjir giet om de PC, krige de bêste fan alle klassen út hânnen fan Piet Bosgraaf noch in sulveren bal. En hoe wie it mooglik, de bal gong nei de kreaste en moaiste man fan al dizze keatsers en dat wie Johannes Oudendag. De froulju wienen al hiel oerémes fan dizze knappe keatser.

Dernei gongen de de earste priiswinners yn in koets mei twa Fryske hynsders en de oare priiswinners op in wein efter in trekker troch Balk. Sawier, in moai beslút.

 

A-klasse:

1e. Oeds Broersma, Wytmarsum. 2e. Catrinus Kooistra, Goaiingea. 3e. Henk Porte, Ljouwert.

B-klasse:

1e. Johannes Oudendag, Arum. 2e. Joost Schaap, Tirns. 3e. Jelle Goudberg, Frjenstjer. 4e. Jan Bootsma, Wommels. 5e. Hielke Roukema, Winsum. 6e. Rinze van der Veen, Koarnjum. 7e. Leendert Terpstra, Frjenstjer.

C-klasse:

1e. Koop Scholten, De Wylgen. 2e. Dirk Wiglema, De Jouwer. 3e. Pieter Bergsma, Gytsjerk. 4e. Skelte Poelstra, Hijum.

D-klasse:

1e. Jan van der Vlugt, It Hearrenfean. 2e. Gerard Voogd, Mullum. 3e. Albert Dijkstra, Gytsjerk.

Categorieën: redactie
Waardering van dit artikel:
  • 0.0/5 sterren
(0 beoordelingen)

Reacties (0)

Plaats een reactie

Er zijn nog geen reacties

Je bent niet ingelogd. Klik hier om in te loggen en hier om je te registreren, of plaats meteen je reactie: (door te registreren kan je zelf ook nieuws, foto's, foto albums en video's plaatsen)

Je kunt geen HTML-codes gebruiken in je reactie.

captcha
Naar boven
stats